Oer ús

Oer ús

Twijnstra Administraties behertiget de fiskale en administrative belangen fan har klanten sûnt 2005. Dy komme foar it grutste part út de regio midden-Fryslân, rûchwei it gebiet tusken Snits, De Jouwer, It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert. Dêrfoar leit ús kantoar yn Grou moai sintraal. Twijnstra is in selsstannich operearjend administraasjekantoar; wy rjochtsje ús benammen op it midden- en lytsbedriuw. De eigner is Ruerd Twijnstra.

Ruerd Twijnstra BSc, RBc
Ruerd docht de kontrôles en it gearstallen fan de jierstikken en fansels de oanjeften. Ek leit er him ta op it ferstrekken fan (fiskaal) advys en it sa geunstich mooglik gearstallen fan de oanjeften. Ruerd is tige persoanlik belutsen en hy stribbet nei it opbouwen fan fertrouwen by de klant. Dat is neffens him de basis foar in wier duorsume relaasje.

Fyzje

“Finansjeel yn balâns”

It berikken fan resultaat troch it oersette fan finansjele ynformaasje, stiet yn ús gearwurking mei opdrachtjouwer sintraal. By my kinne jo rekkenjen op in persoanlike benadering, belutsenens en oandacht foar jo saken. Mei troch stipe mei dúdlike rapportages, dy't ynsjoch ferskaffe oer foarôfgeande perioaden en benammen aktuele resultaten. Is jo ynteresse wekt, nim dan frijbliuwend kontakt mei ús op!

Wurkwize

  • fan út eigen kantoar of op lokaasje
  • mei jo finansjeel pakket of mei ús programma’s op notebook

Aktiviteiten

  • soargje foar diel of folsleine boekhâlding:
  • jierrekken:
  • tuskentiidske sifers:
  • prognoaze en planning- & control:
  • oanjefte winstbelestingen:
  • begelieding en advys, oare financieele administratieve tsjinstferliening

Historje

2005 - 2006

Ruerd Twijnstra begjint administraasjekantoar oan hus.

2007 - 2009

Ferhuzing nei Boeijer 33 yn Grou, wêr't wy tagonkliker binne.

2010 - 2015

Hester Twijnstra treed oan as fennoat. De groei set troch.

2016 - Heden

Sterke ûntwikkeling yn automatisearring helpt ús te groeien.

WA’T WE BINNE

Freegje hjoed noch nei de mooglikheden, skilje 0566-620766 of mail nei info@twijnstra.com