De measte startende ûndernimmers kieze foar de ienmanssaak of in Vof (Fennoatskip ûnder Firma). Mar hjoed-de-dei begjinne in protte ûndernimmers/eigners ek in Sletten Fennoatskip, hjir fierder te neamen de ‘BV’. Dat is sûnt 2012 in stik makliker om’t troch de oprjochter net mear € 18.000 op tafel lein hoecht te wurden. Dy (nije) ûndernimmers kieze om in oantal redenen foar de BV:
Meastentiids wurdt foar de BV-foarm keazen om de oanspraaklikheid. Dy is nammentlik geunstiger regele as by de ienmanssaak of de Fennoatskip ûnder Firma. Sa kinne skuldeaskers net oan jo priveefermogen komme; tink dêrby oan jo sparjild, auto en jo eigen wenning. Dêrmei foarkomme jo de privee oanspraaklikheid.
Dêrneist binne jo net persoanlik oanspraaklik wannear’t jo jo skulden net ôflosse kinne, om’t oaren jo foarderings net betelje. Itselde jildt as jo omset ûnferwachts ynienen werom rint, ûnferwachte útjeften en oanspraken. Mei in BV hawwe jo minder lêst fan as bepaalde risiko’s net te fersekerjen binne; of wol, mar te djoer is.