Wolle jo sels in part fan jo eigen boekhâlding ferwurkje, dan kin dat fansels; dêr binne tsjinwurdich in hiele protte mooglikheden foar. Wy hawwe de nedige ûnderfining mei fjouwer boekhâldpakketten nammentlik SnelStart, E-Boekhouden, Reeleezee en Exact Online. De priis en de mooglikheden fan dy pakketten ferskille lykwols frijwat.
Faak meitsje wy sels in start yn it pakket; dêrnei nimme jo de ferwurking fan jo eigen boekhâlding oer. Dêrmei meitsje jo as klant fuortdalik in goeie start en is alles korrekt ynsteld.