De boekhâlding: foar in protte ûndernimmers no net bepaald it meast favorite ûnderdiel fan harren wurk. Mar wol tige wichtich. En net allinnich omdat it foar de fiskus ferplichte is. De útkomsten jouwe nammentlik oan oft jo hurde wurkjen net om ‘e nocht west hat. It út hannen jaan leit dêrom foar de hân. Hielendal of foar in (grut) part. Mar hoe dogge jo dat? En by wa? En kin ik ek online boekhâlde?
Tink derom, in hege winst behelje hinget net allinnich ôf fan keihurd wurkjen!
Jo boekhâlding is de basis foar jo ûndernimming. Twijnstra Administraties kombinearret dat mei de tuskentiidske sifers. Dizze sifers jouwe jo mear ynsjoch; jo krije dêrtroch yntiids de ynformaasje, dy’t jo nedich hawwe om by te stjoeren. Dizze tuskentiidske sifers/prognoazes liede wer troch nei jo jierrekken.
Ek kin Twijnstra Administraties de boekhâlding fan jo oernimme; tydlik of foar in lange(re) perioade. En fansels de fiskale oanjefte by de Belestingtsjinst dwaan. Sadat jo yn elts gefal net tefolle betelje sille.
Jo sjogge it, by ús is in hiele protte mooglik