Starters, ZZP-ers, Overnames

Meitsje earst in plan

De bekende berekkening op de efterkant fan it sigaredoaske. Of in wiidweidich ûndernimmingsplan. It is allegearre mooglik. Mei de eagen ticht kin ek; mar dat is net echt ferstannich. Mei it meitsjen fan in plan steane jo fansels in stik sterker. It feit dat jo betinke wat der allegearre barre moat en kin is wol it wichtichste.

Undernimmen hâldt no ienris in risiko yn. Jo dogge saken ‘foar jo eigen rekken en op jo risiko’; gjin opdrachten betsjut gjin ynkommen. Jo moatte winst meitsje, want by mear kosten as ynkomsten driget it fallissemint. Twijnstra Administraties helpt jo graach om al dy dingen as nije ZZP-er op in rychje te setten.

Meitsje ek in ynventarisaasje fan jo sterke en swakke punten; en wat hawwe jo bygelyks nedich oan ark, ferfiersmiddels, kapitaal en automatisearring? En hoe finansierje jo jo nije ûndernimming? Gean ek nei hokker ynkommen oft jo perfoarst helje moatte. Is der wol fraach nei jo produkt en wat freegje jo (takomstige) konkurrinten yn de branche? Foar dat alles kinne jo as ZZP-er by ús telâne.

Praat ris mei in kritysk persoan

Besprek jo plannen ek goed mei jo (eventuele) partner en sjoch hokker risiko oft jo nimme en oft dat realistysk is. Besjoch de wrâld net allinnich mar troch in rôze bril. Freegje ek ris in oar, immen dy’t tige kritysk is, om nei jo plannen te sjen. Krityk oer eat dêr’t jo sels tige entûsjast oer binne is fansels nea aardich; mar it iepenet wol jo eagen. It besparret jo faaks in ferkearde en ûngelokkige start.

Ontdek vandaag de mogelijkheden en bel 0566-620766 of mail naar info@twijnstra.com