Wa binne wy


Twijnstra Administraties behertiget de fiskale en administrative belangen fan har klanten sûnt  2005. 
Dy komme foar it grutste part út de 
regio midden-Fryslân, rûchwei it gebiet tusken Snits, De Jouwer, It Hearrenfean, 
Drachten en Ljouwert. Dêrfoar leit ús kantoar yn Grou moai sintraal. 
Twijnstra  is in selsstannich operearjend administraasjekantoar; wy rjochtsje ús benammen op it midden- en lytsbedriuw. De eigners binne Ruerd en Hester Twijnstra.
 

Ruerd Twijnstra b. c.


Ruerd docht de kontrôles en it gearstallen fan de jierstikken en fansels de oanjeften. 
Ek leit er him ta op it ferstrekken fan (fiskaal) advys en it sa geunstich mooglik gearstallen fan de fiskale oanjeften. 
Ruerd is tige persoanlik belutsen en hy stribbet nei it opbouwen fan fertrouwen by de klant. Dat is neffens him de basis foar in wier duorsume relaasje.

 

Hester Twijnstra-Van der Velde


Hester docht foaral it kodearjen en it ynfieren fan de troch de klant oan ús oanlevere administraasje. 
Dêrneist hâldt sy har dwaande mei de kontrôle fan de boekhâldings foar de oanjeften omsetbelesting; en ek mei de tarieding fan de jierrekkens. 
Yn it bysûnder tinkt Hester by de kontrôles ekstra om 'e details; dat kin de klant fansels by de oanjeften in hiele protte jild besparje.

 

Twijnstra Administraties is as belestingkonsulint by it Register Belestingadviseurs (RB) oansletten. 
It RB is in aktive en praktykrjochte beropsferiening; de organisaasje behertiget de belangen fan rom 7.400 oansletten leden. 
It RB oerleit mei de oerheid en de polityk en biedt ynformaasje en feitlike help by de útoefening yn 'e praktyk.

 

Twijnstra Administraties fynt oansluting by it Register Belestingadviseurs tige wichtich; jo kinne der dan namentlik wis fan wêze, dat wy ús kennis goed op peil hâlde. 
En wy kinne jo 
sadwaande ek goed en adekwaat helpe. Us kennis is dus kwaliteit in jo foardiel.

 

 

De Frysktalige webside mei mooglik makke is troch finansjele stipe fan de provinsje Fryslân

 Twijnstra Administraties: betrouber en belutsen, deeglik en nofteren!

Copyright © 2013 · Twijnstra Administraties · All Rights Reserved