Sels online en offline boekhâlde


Wolle jo sels in part fan jo eigen boekhâlding ferwurkje, dan kin dat fansels; dêr binne tsjinwurdich in hiele protte mooglikheden foar. 
Bygelyks fia in boekhâldpakket. Wy hawwe de nedige ûnderfining mei fjouwer boekhâldpakketten nammentlik SnelStart, Reeleezee, E-Boekhouden en Exact Online. 
De priis en de mooglikheden fan dy pakketten ferskille l
ykwols frijwat.

Faak meitsje wy sels in start yn it pakket; dêrnei nimme jo de ferwurking fan jo eigen boekhâlding oer. 
Dêrmei meitsje jo as klant 
fuortdalik in goeie start en is alles korrekt ynsteld.

De kar fan it boekhâldpakket.
Dat hinget derfan ôf of jo off- of online boekhâlde wolle; 

dêrfoar jildt it folgjende:

de mooglikheden dy't de pakketten te bieden hawwe
of jo jo boekhâlding geregeldwei kontrolearje litte wolle
en oft jo de boekhâlding al of net in de Cloud hawwe wolle

Offline boekhâlde (op jo eigen kompjûter):

Twijnstra Administraties makket standert gebrûk fan it boekhâldprogramma SnelStart. 
Wichtichste reden dêrfoar is de grutte brûkersfreonlikheid, it koste-aspekt en it groeiend tal brûkers fan dy software.

Omdat wy fia help op ôfstân meisjen kinne, hawwe jo by offline boekhâlden de foardielen fan de beide systemen. 
Dêrneist biedt Twijnstra Administraties jo ek de mooglikheid fan de 
help op lokaasje
; wy dogge dan in part fan jo boekhâlding by jo yn it bedriuw sels. 
Dit kin in echte oplossing wêze, wannear't jo tydlik efkes in boekhâlder nedich hawwe. 

Online boekhâlde (yn 'e Cloud):

Jo kinne by ús fan de folgjende online boekhâldpakketten gebrûk meitsje:

Reeleezee http://www.reeleezee.nl/nl
E-boekhouden http://www.e-boekhouden.nl/
Exact Online www.exact.nl/online-login

 

 

De Frysktalige webside mei mooglik makke is troch finansjele stipe fan de provinsje Fryslân

 Twijnstra Administraties: betrouber en belutsen, deeglik en nofteren!

Copyright © 2013 · Twijnstra Administraties · All Rights Reserved