De Jierrekken


De jierrekken: foar jo as űndernimmer fansels hiel wichtich. Ommers, jo winst- en ferliesrekken lit sjen, hoe't jo werklik draaid hawwe. 
En de balâns jout oan hoe't it der op de lange(re) termyn foar jo út sjocht. Mar hoe meitsje jo dy jierrekken ? 
By wa litte jo dat dwaan? En wat sil it jo úteinliks kostje?

Alles efkes gearfette yn de wichtichste punten:

de hiele jierrekken gearstalle
ek foar de winst- & ferliesrekken
en fansels de balâns gearstalle
jo helje ynformaasje út dy ôfrekken
en ek út tuskentiidske sifers/prognoazes
dan kinne jo folle flugger reagearje
en is de akkountantsferklearring nedich?

De jierrekken is jo kompas foar de takomst fan jo űndernimming; in tige tűke űndernimmer hellet dęr wichtige (finansjele) ynformaasje út. 
Sa dat jo ek lessen foar de kommende jierren lűke kinne. 
Tuskentiidske sifers en prognoazes meitsje dat noch makliker. 
Dat kin foar 
eltse perioade
. Jo kinne dan noch folle flugger reagearje en jo strategy oanpasse.

Twijnstra Administraties kin foar jo alle űnderdielen fan de jierrekken opstelle. Mar ek neigean oft in akkountantskontrôle needsaaklik is. 
Meastentiids hoecht dat oars hielendal net. Jo boekhâlding kin troch ús ek 
yn dieltiid
 dien wurde. 
En wy dogge foar Besletten Fennoatskippen (BV’s) ek de publikaasjeferslaggen foar de Keamer fan Keaphannel.

 

 

De Frysktalige webside mei mooglik makke is troch finansjele stipe fan de provinsje Fryslân

 Twijnstra Administraties: betrouber en belutsen, deeglik en nofteren!

Copyright © 2013 · Twijnstra Administraties · All Rights Reserved