Help op lokaasje/dieltiid boekhâlding


Hawwe jo dat ek wolris: krekt as de drokte tanimt, wurdt jo boekhâlder siik. 
Of it sa sterk tanommen wurk groeit him of har (tydlik) boppe de holle út. 
Dêrfoar hat Twijnstra de oplossing yn hûs. Ruerd Twijnstra biedt 
help op lokaasje oan. 
Hy kin by jo tydlik oan it wurk om de problemen op te fangen
. Op jo wize en by jo yn it bedriuw. 
Eins kin hy dêrby frijwol alles foar jo dwaan. Krekt sa lang as jo dat nedich hawwe.

Bygelyks foar de finansjele administraasje en it opstellen fan de kalkulaasjes. 
Of foar de ferslachjouwing en it meitsjen fan rapportaazjes. En fansels it dwaan fan de (fiskale) oanjefte. 
Faak is sa’n funksje fulltime finansjeel net helber. Mar tydlik en 
op parttime basis wol. 
Bytiden wol eltse ûndernimmer wolris sa'n persoan, dy't de bedriuwsfiering mei stipet. 
By ús kin dat. Wy biede in fleksibele tsjinstferliening, wêrby't jo ús kwaliteiten benutte kinne.

By dieltiid boekhâlding/help op lokaasje kinne jo dus tinke oan:

stipe foar inkelde dagen de moanne
stipe foar personiel op jo administraasje
tydlike stipe by ûnderbesetting

Wy wurkje mei rapportaazjesysteem Visionplannercloud; dêrmei kinne wy jo helpe om in eigen online rapportaazje op te setten. 


Wat Ruerd Twijnstra by help op lokaasje
 binnen jo bedriuw dwaan kinne soe:

de finansjele administraasje fiere
it opstellen fan 'e kalkulaasjes
ferslachjouwing fan 'e finânsjes
it meitsjen fan 'e rapportaazjes
fersoargjen fan 'e fiskale oanjefte

 

 

De Frysktalige webside mei mooglik makke is troch finansjele stipe fan de provinsje Fryslân

 Twijnstra Administraties: betrouber en belutsen, deeglik en nofteren!

Copyright © 2013 · Twijnstra Administraties · All Rights Reserved