De Sletten Fennoatskip (BV)


De measte startende Żndernimmers kieze foar de ienmanssaak; of oars foar in Vof (Fennoatskip Żnder Firma). 
Mar hjoed-de-dei begjinne in protte Żndernimmers/eigners ek in Sletten Fennoatskip, hjir fierder te neamen de ĎBVí. 
Dat is sŻnt 2012 in stik makliker en ienf‚ldiger wurden; dat komt om't troch de oprjochter net mear Ä 18.000 op tafel lein hoecht te wurden. 

Dy (nije) Żndernimmers kieze om in oantal redenen foar de BV:

fanwegen de oanspraaklikheid
om belestingtechnyske redenen
foar it oernameryp meitsje

Meastentiids wurdt foar de BV-foarm keazen om de oanspraaklikheid. 
Dy is nammentlik geunstiger regele as by de ienmanssaak of de Fennoatskip Żnder Firma. 
Dat hat in flink oantal foardielen. Sa kinne skuldeaskers net oan jo priveefermogen komme; tink dÍrby oan jo sparjild, de eigen auto en jo eigen wenning. 
DÍrmei foarkomme jo de privee oanspraaklikheid.

DÍrneist binne jo net persoanlik oanspraaklik wannear't jo jo skulden net Űflosse kinne, om't oaren jo foarderings net betelje. 
Itselde jildt as jo omset Żnferwachts ynienen werom rint. En ek by Żnferwachte ķtjeften, dy't jo in protte ekstra jild kostje sille.
By eintsjebeslķt hawwe jo der mei in BV minder lÍst fan as bepaalde risiko's net te fersekerjen binne; of fansels as wol fersekerjen fierstente te djoer is. 

Gearfette, jo binne net persoanlik oanspraaklik wannear't:

jo net Űflosse kinne om't oaren net betelje
jo troch omsetdelgong de hier net Űfdrage kinne
ek net by net te fersekerjen grutte(re) risiko's
en krektsa as dy fersekering ekstreem duer is

Foar de Sletten Fennoatskip (BV) bestiet in aparte VAR (Ferklearring Arbeids Relaasje) 
nammentlik de VAR-DGA; dizze VAR jildt allinne as jo DGA (Direkteur Grut Oandielh‚lder) binne en op syn minst 5% fan de oandielen yn hannen hawwe!

In oare reden foar it kiezen foar de BV is belestingtechnysk; by in winst Żnder de Ä 60.000 is dy foarm eigenlik nea geunstich. 
Mar boppe Ä 260.000 is it frijwol altyd foar jo foardielich as Żndernimmer. Tusken dy beide bedraggen yn spylje oare Űfwagings by jo kar foar de BV in wichtige rol. 
Faak is dat it gefal, wannear't jo jild yn de Żndernimming sitte litte wolle.

FalkŻlen foar eigners fan in BV:

jo jildsjitter freget jo in ekstra gar‚nsje (in boarch) ķt jo privee fermogen
net merkte boarch, trochdat jo de lytse letterkes net (goed) lÍzen hawwe
jo hawwe gjin (goede) oerienkomsten Űfsletten: kurator kin dochs foarderje
fertizing BV/privee, skulden en foarderings yn Żnbal‚ns: frij spul foar fiskus
gjin (goed) Żnderbouwen dividindķtkearing fan de BV: kurator kin foarderje
KvK jierliks Żntidich ynformearre (deponearjen): boete foar ekonomysk delikt

 

 

De Frysktalige webside mei mooglik makke is troch finansjele stipe fan de provinsje Frysl‚n

 Twijnstra Administraties: betrouber en belutsen, deeglik en nofteren!

Copyright © 2013 ∑ Twijnstra Administraties ∑ All Rights Reserved