De Boekhâlding


De boekhâlding: foar in protte ûndernimmers no net bepaald it meast favorite ûnderdiel fan harren wurk. Mar wol tige wichtich. 
En net allinnich omdat it foar de 
fiskus ferplichte is. De útkomsten jouwe nammentlik oan oft jo hurde wurkjen ek noch wat opbrocht hat. 
En ek net om 'e nocht west hat. It út hannen jaan leit dêrom foar de hân. Hielendal of foar in (grut) part. Mar hoe dogge jo dat? En by wa? En kin ik ek 
online boekhâlde?
 

Jo boekhâlding is de basis foar jo ûndernimming. Twijnstra Administraties kombinearret dat mei de tuskentiidske sifers. Dat kin oer eltse winske perioade. 
De moanne, it kwartaal of it healjier. 
Inkelde kearen it jier fêst stelle hoe't it mei jo bedriuw giet, is tige wichtich. 
Dy sifers jouwe jo mear ynsjoch; jo krije dêrtroch yntiids de ynformaasje, dy't jo nedich hawwe om by te stjoeren. Of om bygelyks in hegere opbringst te heljen. De tuskentiidske sifers en ek de prognoazes liede wer troch nei jo 
jierrekken
.

 

Ek kin Twijnstra Administraties de boekhâlding fan jo oernimme; tydlik of foar in lange(re) perioade. 
En fansels de 
fiskale oanjefte by de Belestingtsjinst dwaan. Sadat jo yn elts gefal net tefolle betelje sille. 
En de 
ferwurking fan de boekhâlding 
en eventueel de rapportaazje. Jo sjogge it, by ús is in hiele protte mooglik.

Noch efkes alles koart foar jo op in rychje:

de boekhâlding: de basis foar jo bedriuw
mar dochs ek wer gjin basis aktiviteit
wy leverje tuskentiidske sifers/prognoazes
dat kin oer eltse perioade fan it jier
wy dogge de boekhâlding ek yn dieltiid
alles krekt sa as jo dat sels graach wolle

 

 

De Frysktalige webside mei mooglik makke is troch finansjele stipe fan de provinsje Fryslân

 Twijnstra Administraties: betrouber en belutsen, deeglik en nofteren!

Copyright © 2013 · Twijnstra Administraties · All Rights Reserved